Minsken fan ‘e wei - Nijsbrief fan ‘e classis - 2025 #3
‘Ûnder de sinne is neat gjin nijs.
Preker 1:9-10, NFO
Seit ien fan in ding: Sjoch, wat nijs!
– it wie der al lang yn ’e tiden
dy’t fier foar ús west ha.’
Download hier de Nederlandse versie van Minsken fan 'e wei 2025 - 03.
Sjoch, wat nijs!
De maitiid is de tiid om wat nijs te begjinnen, dat betiden niks nijs is. De beammen wurde grien, de fûgels bouwe harren nêst en minsken fiele flinters yn it liif. Dêr hearre ek nije ynisjatyven foar de tsjerke by en dêr jou ik jo op dizze wize graach in hiele rige fan mei.Nije ideeën foar it jongereinwurk
Om te begjinnen is der op de jûn fan tongersdei 8 maaie op It Hearrenfean in ynspiraasjejûn foar it jongereinwurk. De eigen wurkgroep hat yn oparbeidzjen met Roetz (foarhinne it YMCA) in kreas programma gearstald om it tema ‘Impactmakers’ hinne. Nei in mienskiplik miel en in koarte iepening geane we oan de slach mei twa kear in workshoprûntsje. Dêrby kin der in kar makke wurde út: (1) “Help, dielnimmers, en wat no?” oer de groep en hoe dêr in programma op ôfstimd wurde kin; (2) “Bern, my in soarch; ûntrêstigjende sinjalen by bern”, oer wast sjochst en der mei dwaan kinst; (3) “Godly Play” oer Bibelferhalen en om dy nijsgjirrich tichter by bern te bringen; (4) “Focus op pubers!” oer dizze moaie jierren en harren prachtige fragen; en (5) “Kliederkerk bûten” wêr ast ek echt nei bûten giest om te sjen wat dêr mei bern te dwaan is.It begjint om 18.30 oere foar wa mei yt en om 19.15 oere foar wa allinnich de iepening en de workshops mei dwaan wol. It plak en adres is Trinitas, Coehoorn van Scheltingawei 1, It Hearrenfean, op tsien minuten rinnen fan it stasjon. Wa mear witte wol of har/him opjaan wol, kin dat dwaan by Dorette van Houten (Protected email address). Of sykje op de website fan Roetz Nederland by ‘Impactmakers’.
Nije ideeën foar Griene Tsjerke
Groene Kerken Fryslân organisearret tegearre mei Solidair Friesland foar sneon 10 maaie de ynspiraasjedei ‘Groene Hoop doet Leven’, fol mei ferhalen en nije ideeën om it thús en by tsjerke noch wat griener te meitsjen. Fan 10:00 oant 15:30 is der in programma op Foarwei 45 yn Kollumersweach. De tagong is fergees. Foar ynformaasje en oanmelden kinne jo telâne by Protected email address. Sels graach in brochje meinimme foar it middeismiel. Foar drinken en sop wurdt soarge.Nij mail adres foar de klassis
It hat miskien net folle om ‘e hakken, mar dochs is in mail adres faak it begjin fan in pasjend antwurd of in goed idee. Dat is seker sa foar it adres fan ús klassis, want ús skriba kin der foar soargje dat jo in goed antwurd krije of goed trochferwiisd wurde. Dat mail adres is no keppele oan ús website en is: scriba@classisfryslân.nl. Foar de skriba’s fan de gemeenten is dit in adres om yn in listke neist de PC te hingjen.Nije mooglikheden foar tsjerklik wurkers
Sa’t jo mooglik hjir en dêr lêzen hawwe komme der nije mooglikheden foar tsjerklik wurkers yn ús tsjerke. It duorret noch wol twa jier ear’t it oannommen plan ek útwurke en jildich is, mar dan krije tsjerklik wurkers en tsjerklik jongereinwurkers lang om let it plak dêr’t se rjocht op hawwe.Dat jildt lykwols allinnich foar harren dy ‘t ek echt tsjerklik wurker binne: dêr sil better op hifke wurde. Dêrom nûgje wy alle tsjerklik wurkers, jongerein- en opbouwurkers dy ‘t net registrearre binne út foar in jûne om te sjen hoe’t wy de saak goed foarinoar krije kinne. Dy jûne is op 3 juny om 19:30 yn De Oerdracht op ‘e Jouwer. Oanmelde kin oant 19 maaie by scriba@classisfryslân.nl.
Nije foarsitter CCV
‘Fisitaasje’ fine in soad tsjerkeminsken in eang wurd. Tinkst derby oan ‘rúzje’, ‘spanning’ en ‘losmakking’. Dat binne yndie saken dêr't fisitatoaren faak mei te krijen hawwe mar dan op deselde wize wêrop de brânwacht mei ' brân' en de toskedokter mei 'pine yn ‘e mûle' te krijen hat.Dêrom falle brânwachtmannen, toskedokters en fisitatoaren ek faak sa ta as je se yn it echt tsjinkomme: se binne der om problemen foar te kommen en te ferhelpen, net om problemen te meitsjen.
Fisitatoaren binne bemiddelers. Dêr't in tsjerkeried der efkes net útkomt mei-inoar, besykje se de saak wer flot te lûken. En dizze ploech bemiddelers hat sûnt koart in nije foarsitter: dr. Alco Meesters. Op snein 11 maaie wurdt er om 14.00 oere as predikant yn algemiene tsjinst oan ús klassis ferbûn yn de tsjerke fan Steggerda, dêr't er ek gewoan gemeentepredikant bliuwt. Jo binne fan herten útnûge om dizze tsjinst by te wenjen.
Ofgeand foarsitter ds. Idske van der Pol nimt ôfskied yn de fesper foarôfgeand oan de klassis op 22 maaie. Ds. Van der Pol hat by in soad saken yn ús klassis yntinsyf belutsen west en hat benammen ek har ploech bemiddelers laat en de nijelingen ûnder harren ynwurke en oplaat.
De fesper begjint om 19.15 oere yn de Martinitsjerke, Breedeplaats 2 yn Frjentsjer. Ek it earste part fan de klassisgearkomste sels is de muoite wurdich om by oanwêzich te wêzen. Der is û.o. in presintaasje fan Godly Play, in moaie gelegenheid foar wa't de ynspiraasjedei foar it jeugdwurk mist hat.
Nije ôfspraken foar “Feilige Tsjerke”
Op 1 july gean de nije regels foar “Feilige Tsjerke” yn. Dêr hawwe al hiel wat minsken drok mei dwaande west. Op de webside fan de lanlike tsjerke stiet in handich oersjoch (sykje dêr op ‘Veilige gemeente’). Fanút de klassis krije tsjerkerieden, om dizze tiid hinne, in wiidweidige mail mei noch wat puntsjes op de ` i '. Sa is der in list fan tsien bertrouwenspersoanen foar wa’t binnen de eigen gemeente gjin hat. Op dizze wize moatte we in hiel ein komme mei-inoar.Nije webside Tsjerke en Media
Al jierren stjoert Omrop Fryslân alle sneinen in tsjerketsjinst út fan in gemeente yn de provinsje. De wurkgroep dy’t dit fersoarget is de Stichting Tsjerke en Media. De tsjinsten binne, behalve op de telefyzje, ek werom te sjen op de webside ( tsjerke.media ). Hâld dat goed yn’e gaten: yn de kommende moannen sil de webside yngeand fernijd wurde.Sjoch, wat nijs!
Soe de Preker fan al dit nijs ek sizze: “It is eat dat der al wie yn de tiden dy’t fier foar ús west ha”? Nei alle gedachten wol. “Us beppe die dat al mei flanelplaten”, “Mei in postdo kin it ek”, Dy nije foarsitter wurdt ek wol wer âld”, Eartiids hiene wy ek al oefeners op de preekstoel”. En: “Us pake en beppe libben al sober en grien, dy koene ek net mear betelje”. Ja, dat is wier. En dochs sykje wy hieltyd wer wat nijs om oan elkoar te fertellen, miskien omdat it echt Nije hast net yn wurden te fangen is. Mei Peaske besykje wy om fan dat Nije te sjongen en it giet dan as in ljochtsjend fjoer troch de tsjerke: “Hy libbet!”. Wy flústerje it mear as dat wy it lûdop sizze , sa slim is it om it te begripen: “Hy is opstien! God bliuwt trou oan Syn skepping”.En ek hjir hat de Preker wer gelyk: sa wie it al fan âlde tiden ôf. Mar krekt dat jout moed foar ús eigen tiid. De Hear dy’t ea mei it projekt ierde begûn, dy lit dat tsjin alles yn net los. It grutste Nijs is dat God noch altiten deselde is.
Dat al ús nijs dêr wat fan wjerspegelje mei.
Mei groetnis,
dû. Riemer Praamsma, classispredikant
(06-58013225 | Protected email address)
PS: Meidielingen foar it folgjend nûmer (21 maaie) graach ynleverje foar 14 maaie.
Naar alle nieuwsberichten