Krúspuntdei 11 april yn Akkrum
Dit jier wurdt dy dei hâlden op 11 april, fan 10 oere ôf yn de Lantearne yn Akkrum, Dringelstrjitte 13. De tagong is fergees.
Programma
- 10 oere: ynrin mei kofje en tee.
- Nei de iepening folget in bijdrage fan Jelle Cnossen, projektlieder fan de Nije Fryske Bibeloersetting.
- André Looijenga, ûndersiker by de Fryske Akademy, sil fertelle oer de studzje dy‘t hy makke hat fan ‘De Psalmen fan Gysbert Japiks yn har tiid’. Sa no en dan sil der songen wurde û.l.f. Geart van der Heide.
- 12 oere: skoft mei sop en in (eigen meinommen) broadsje.
- De middeis komme mear saaklike dingen oan de oarder.
- Om 3 oere hinne slute we de dei ôf mei in fesper yn de Terptsjerke fan Akkrum.
Eltsenien fan herten útnoege foar dizze dei. De tagong is fergees, mar it is wol belangryk om jo op te jaan.
Dat kin per e-post: Protected email address, of telefoanysk: 06-30837586
Wat is Krúspunt?
Krúspunt is oprjochte op inisjatyf fan de Rie fan Tsjerken yn Fryslân op 2 juny 2009 en in fuortsetting fan it wurk fan it Kristlik Frysk Selskip (KFS) dat bestien hat fan 1908 oant 2008.
Organisaasjes dy’t har rjochtsje op it befoarderjen en brûken fan it Frysk, kinne inoar hjir fine en ynformaasje útwikselje. Krúspunt hat in databank mei relevante ynformaasje oer it brûken fan it Frysk yn lieten en gedichten, liturgy, tsjinsten en diskusjerûnten.
Krúspunt is dêrneist ek ôfhinklik fan de ynbring fan persoanen en organisaasjes dy’t wat te melden hawwe op it mêd fan Fryske tsjerklike aktiviteiten en/of liturgyske ûntwikkelingen.
Kúspunt hat in webside (www.kruspunt.frl) dêr‘t alle dielnimmende organisaasjes har aktiviteiten op sette litte kinne.
Naar alle nieuwsberichten