Yntroduksjemoarn kursus ‘Leauwe yn Fryslân’
2022-08-14T23:03:02+02:00

Op woansdei 21 septimber 2022 wurdt yn Nijkleaster te Jorwert de yntroduksjemoarn hâlden fan de kursus ‘Leauwe yn Fryslân’, jiergong 2022-2023. It programma fan de kursus jout in yntroduksje op tema's dy’t wichtich binne op it mêd fan leauwe yn Fryslân. Yn in syklus fan trije jier komme elk jier de histoaryske, Bibelske, systematyske en praktyske teology ûnder de oandacht. Yn dat ramt krije tema’s en persoanen út de kultuer en tsjerkeskiednis fan Fryslân rom omtinken, bg. de Fryske Bibeloersetting en Fryske lieten, de skiednis fan de Fryske kleasters beljochte troch de hillige Titus Brandsma, it boek Hannelingen middenmank fragen fan kultuer en mienskip, kristology en keet-egisaasje en de kânsen fan ferbining tusken tsjerke en doarp.

Meer informasje: Leauwe yn Fryslân - flyer Hollânsk
Naar alle nieuwsberichten