Nieuwsbrief van de classis #9
2023-12-15T14:18:11+01:00

‘Hoe wolkom is oer de bergen
de fuotstap fan ’e heraut,
dy’t it heil oankundiget
en it bliid boadskip bringt…’

Jesaja 52:7, NBV21

Goed nijs

Advint is de tiid fan it tsjerklik jier dy't foar myn idee noch it bêste past by ús eigen tiid. Wy sjogge út nei goed nijs wylst de wrâld om ús hinne hieltyd mear yn 'e besnijing komt fan tsjusterens en kjeld. Foar eefkes bringt it krystbern ljocht yn 'e hûs, mar sadree't de krystbeam wer op 'e souder stiet (of: leit?) sakje wy wei yn 'e winterblues. Hoe hâldst it langstme libben?
De goede ried yn dizze brief meie jimme sjen as lytse kearskes dy't dat flamke fan hope drage wolle. Foar de gruttere kearsen wiis ik jim troch nei ien fan de protte moaie tsjinsten by jim yn it doarp of yn 'e stêd. Grut kâns, dat dêr ien hoeden de kânsel beklimt, mei jim om frede bidt en earbiedich hakkelet fan goed nijs, iuwen âld en lang ferwachte.

Goed plan

Op de “Dei fan de Duorsumens”, tiisdei 10 oktober, hawwe tsien tsjerklike gemeenten it ‘Convenant Groene Kerken Leeuwarden-Ljouwert’ tekene. Dy sille mei-elkoar oan de slach mei tema’s fan de ‘Griene-tsjerkebeweging’ lykas waarme-truie-snein, mobiliteit, jildbehear en in grien beliedsplan (sjoch: www.groenekerken.nl). Dy tsien gemeenten komme twa kear yn it jier by elkoar om inoar oan te trúnjen hieltyd ien nije griene doelstelling derby te tekenjen mei as doel “in stapke duorsumer” te libjen. Ommers: Mei-elkoar kommen wy fierder!
De minsken binne partners yn Gods trochgeande skeppingswurk. It skeppingsproses bestiet út twa fazen: 1) yn gedachten en 2) yn de praktyk. De earste faze slagge wy maklik oer, mar krekt hjoeddedei is it och sa wichtich om mei-elkoar nei te tinken oer it duorsumer meitsjen fan de maatskippij. Dat kin bygelyks mei help fan it boekje fan Martine Vonk “Genieten van genoeg”, dat ek brûkt is foar in Micha-snein (sjoch: www.michanederland.nl).
Foar de 40-dagentiid yn 2024 wurdt yn it ramt fan it Convenant in projekt taret: “Plastic Vrij Vasten”. De bewustwurding oer fuortsmyt-plestik en it op ‘e nij brûken fan materialen kin stipe wurde troch ynformaasje oer de plestik-sop, mar ek troch in ôffalraap-kuiertocht, troch in tekstyl-repair-café en mei resepten foar in plestik-frije smullersmiel.
Sjoch foar mear info: www.geloveninleeuwarden.nl
Alex Riemersma,
skriuwer ‘Geloven in Leeuwarden’

Goemiddei

Jo hawwe grif wol ris heard fan ‘Kliederkerk’. It komt út Ingelân en hjit dêr ‘Messy Church’. Ik tink dêrby altyd oan Eton Mess: in neigesetsje fan in yn stikken fallen skûmtaart dat krekt troch dy brokken der hearlik útsjocht. Sa giet it ek by Kliederkerk om en ta: in grimelgrammel fan beuzigheden dêr’t eintsjebeslút dochs een prachtige ferbining yn blykt te sitten. Yn Tsjalbert – De Knipe meitsje se harrren eigen programma’s foar Kliederkerk en no ek ien om it bûtendoarren te fieren. De bern rinne mei harren âldelju in rûte fan twa km yn de bosk en ûnderweis dogge se opdrachten, in spultsje of harkje nei in liet/ferhaal troch in QR koade te scannen. De lieding hat ek in ynstruksjefilmke makke foar de app en facebook. Dit materiaal is allegearre op te freegjen, mar nei alle gedachten is it moaier om it earst ris nei te gean op it plak sels. Jo kinne hjirta kontakt opnimme mei Protected email address.

Goed idee

Hjir boppe hawwe jo al lêzen fan twa moaie oansetten dy ’t wat my oanbelanget neifolging fertsjinje yn alle hoeken en hernen fan de klassis. Der binne fêst wol mear fan sokke ideeën. Ik nûgje jo graach út om se yn te stjoeren. Wy kinne se fêst net allegearre tagelyk opnimme, ma wa wit stiet dan yn de neifolgjende nijsbrief it idee út jo gemeente. Jo witte it wol: as in kearske dat hiel beskieden it flamke fan hope drage wol. No komme noch twa, al binne dy earlik sein yn wêzen wat saakliker. Mar ek dat heart by it meiïnoar gemeente wêzen.

Goeie papieren

Stel: As diakony of kommisje fan tsjerkerintmasters wolst in subsydzje oanfreegje of in bankrekken wizigje. Oan de baalje freegje se fêst of jo wol de juste man of frou binne om dit út namme fan de tsjerke te dwaan. En hoe toane jo dit dan oan? Wat foar dokuminten binne dêr foar nedich. Us skriba hat dit foar jimme útsocht.
  • Earst freegje jo as gemeente of as diakony, by it lanlik tsjinstesintrum, in “ferklearring fan rjochtspersoanlikheid” oan. Dy krije jo dan mei de mail thús stjoerd.
  • Dan meitsje jo in kopy fan it ferslach fan de tsjerkeriegearkomste wêryn de beneaming fan de foarsitter en sikretaris fan de kommisje fan tsjerkerintmasters fêstlein is (tink der om dat harren nammen der yn neamd wurde)
  • Mei dizze beide dokuminten geane jo nei de bank (rekken wizigje) of it gemeentehûs (subsydzje oanfreegje).
Wurdt der ek noch nei it KfK-nûmer frege?
Eltse gemeente en eltse diakony hat in eigen KfK-nûmer. Dit is maklik te finen op de side fan de KfK. Jo kinne net it nûmer fan de lanlike tsjerke brûke.
Foar mear ynformaasje kinne jo de rubryk “Veel gestelde vragen”op de side fan de PKN rieplachtsje.

Goed bekend

It mobiliteitsburo foar predikanten en tsjerklik wurkers helpt gemeenten by it finen fan in goede foargonger. Se moatte dan wol oer de korrekte feiten beskikke kinne, en dêrfoar is in moaie database oanlein. Kollega’s sille dy wol kenne ûnder de namme “extranet”. Om gemeenten goed helpe te kinnen moatte dy data ek by de tiid hâlden wurde. Dat jildt ek as in dûmny tydlik net beropber wêze wol: elke predikant dy’t langer as fjouwer jier op in plak stien hat jildt ommers yn prinsipe as beropber. Jou dêrom geregeldwei de stân fan saken troch mei it formulier dat dêrfoar te finen is op protestantsekerk.nl/beroepingswerk/beroepingswerk-predikant.

Goede wurden

It YKFE, Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst, die op de klassisgearkomste in driuwend berop op ús om it Frysk yn eare te hâlden. En ta myn ferrassing hawwe wol fjouwer oersetters har opjûn om ek ús nijsbrief tenei yn twa talen ferskine te litten. Jimme tsjerkeried kriget beide edysjes en kiest dan hokker fan beide mei jimme dield wurdt. Op de webside fan de klassis binne beide verzjes te finen.

Goede winsken

By in nijsbrief dy't ornaris inkeld fia omwegen syn lêzers berikt wit men noait oft men krekt te betiid of krekt te let is. Mar goede winsken meie altyd. Ik bid en winskje jim ta, dat it langstme fan Advint nei wier Goed Nijs foar harren dy't libje yn it tsjuster fan oarloch en driigjende natoerrampen en persoanlik fertriet – dat by ús allegear it flamke fan hope ek nei Advint en Krysttiid trochbaarnt om it nije jier echt in Nij Jier wêze te litten.

Mei groetnis,
dû. Riemer Praamsma
classispredikant
Naar alle nieuwsberichten