Minsken fan ‘e wei - Nijsbrief fan ‘e classis - 2024 #1
2024-01-25T20:50:43+01:00

Jimme binne it sâlt fan ‘e ierde.
As it sâlt syn sâltens kwytrekke is,
wêr kin me it dan wer sâlt mei krije?’

Matteüs 5:13, NFO

Download hier de Nederlandse versie van Minsken fan 'e wei 2024 - 01.

Wy telle net. Dat telt.

Net sa lang lyn wie ik op besite by in ienfâldige lytse gemeente, dêr't yn ús classis in hiele protte fan binne. Se sieten wat yn 'e lytse loege. It wie in moaie gemeente, mar de minsken seagen dat net mear. En sy sels ek net. Sadwaande sochten wy nei in gaadlik motto om sa no en dan út te sprekken om de moedfearren net hingje te litten; in pear wurden om wer te witten mei hokker doel wy op ierde binne. Suver fansels kaam by my op: 'Wy telle net. Dat telt.'

De gemeente sil sels faaks noch wol in better motto fine kinne, mar ik gie dêr mei nei hûs. En it lit my net mear los. De oarsprong leit grif yn 'e gjalp dêr't ien fan ús politike partijen jierren lyn de ferkiezing mei yngie. 'Iedereen telt!', seach men rûnom op bushokjes stean, mei in grutte foto fan de listlûker der by. It boadskip wie wat dûbel: de slogan wie sûnder mis sosjaal bedoeld ('Iedereen telt mee'), mar yn dy tiid fan ôfskodde ideologyske fearren en weroplibbe merktinken klonk it my foaral driigjend yn 'e earen: 'Lit elk syn knopen telle!' Foar de tsjerke wurket sa'n biedwurd krekt oarsom. De measte minsken binne der ûnderwilens wol wis fan, dat de tsjerke net mear meitelt yn doarp en stêd. De toer stiet der noch wol, mar fan wat der ûnder dy toer allegear bart, ha de measten inkeld de klok noch lieden heard. Wy telle net mear. Mar leit dêr krekt ús opdracht net yn? Us Hear sels is fan bekend, dat er algeduerich nei minsken socht dy't net (mear) meitelden. In protte fan syn folgelingen dogge dat noch hieltyd. En sy dogge dat net út 'e hichte. Nee: sy kinne dat dwaan omdat se sels witte wat it is. It measte tsjerkewurk mei gjin namme ha. Bytiden is it sels de drûge kant neist. It is beskieden, ienfâldich, ûnopfallend en dêrtroch just tsjinstber. En hoefolle minsken oft dêr dan op ôf komme om mei te dwaan? Wy telle net. Dat telt.

Solidêr telle

In kollega kaam mei in moaie fraach: in gemeente út har klassis siket in gemeente yn ús klassis om nau mei gear te wurkjen. It is in jonge gemeente yn in grutte nijbouwyk, fol kriich en ideeën. Se sykje no in gemeente mei aardich wat modder oan ‘e kloet om dy ideeën om te setten yn aksje. Yn Fryslân binne fêst wol gemeenten dy ’t sa’n aventoer barre mei. By sa’n projekt moat it fansels wol fan twa kanten komme: foar de jildstipe jout dy jonge gemeente oan de Fryske partner graach wat ynspiraasje werom. Soe jo gemeente nocht oan soks hawwe? As dat sa is lis ik graach it kontakt.

Optelle

Njonkelytsen binne al in protte gemeenten yn ús klassis dwaande mei sa’n gearwurking. De iene gemeente hat te min amtsdragers om noch in echte tsjerkeried te foarmjen wylst in oarenien te min jongerein hat om noch jeugdwurk op te setten en wer in oarenien hat te min jild om de begrutting rûn te krijen. Mar troch meiïnoar ien tsjerkeried te hawwen binne der faaks minder amtsdragers nedich, troch meiïnoar it jeugdwurk op te pakken kin de jongerein noch wol nei club en troch yn ‘e mande in dûmny te beroppen krigest de begrutting dochs noch rûn. It binne allegearre net grutte stappen dêr ‘st it nijs mei hellest, mar foar de eigen gemeente yn it eigen doarp makket it in protte út. Soms is it foar de eigen gemeente net iens nedich, mar wat is der no moaier om sa de buorgemeente te skewielen?

Oftelle

Mocht jo gemeente no ek oan gearwurking ta wêze, dan kom ik graach in kear praten mei de tsjerkeried. Dat jildt fansels as der bygelyks in predikantsfakatuere oankomt mar ek as jo foar in grutte koerswiziging yn it belied steane. De planning fan myn besite haw ik ûnderwilens mei jo tsjerkeried dield, mar yn dit soarte fan gefallen wyk ik dêr graach fan ôf. Ik wachtsje dan allinnich noch wol op in mailtsje fan jo skriba.

Stimme tellen

Sa’n besite fan in klassispredikant levert fansels net altyd fjoerwurk op, en dat jildt ek foar de gearkomsten dy’t we as Klassis mei-elkoar hawwe. En dochs geane we der rêstich mei troch, sadat ús tsjerke in deeglike bestjoerlike fundearring behâldt. Us klassis is gearstald út ôffurdigers fanút ’e Ringen en faaks is it goed om nochris nei te freegjen oft jo Ring dêr noch oan ta kommen is, we hawwe hjir en dêr noch wat fakatueres.

Oan fjirtich ta telle

Noch wat dat einliks gjin namme ha mei: fêstje. De Heare sei dêr yn de berchrede oer: Lit oaren net sjen datsto fêstest, brûk it net om der yndruk mei te meitsjen. Mar no’t der ûnder ús net folle mear fêste wurdt, meie wy inoar miskien wol wat stimulearje. Ik hearde fan in gemente dêr’t se aanst fjirtich dagen sûnder plestik libje wolle. Ik ha tinkendewei myn dei ris trochrûn, mar wat brûk ik dan in soad plestik! En wat bin ik der oan ferslaafd, tink allinne al ris oan myn plestikken toskepluzers. Ik wit dus noch net oft ik my wol oan soks weagje kin, mar it hâldt my wol dwaande!

Fierder telle

By tsjerklik wurkers is it yntusken al in bekend ferskynsel: je binne noch net ôfstudearre mar it wurk liket sa moai dat je mar alfêst begjinne. En de gemeente liket dêr allinne mar bliid mei te wêzen. “Groenpluk” neame wy dat tsjintwurdich en dat wurd jout moai oan dat de bedoeling goed is mar dat der dochs wat mis giet. It belangrike wurk fan in tsjerklik wurker tieret ommers it bêste op de fruchtbere klaai fan stúdzjeboeken, papers en tentamens. En wannear moat je dêr dan noch tiid foar fine?
De lannelike tsjerke wol graach helpe by it finen fan rêst, rûmte en regelmaat om de stúdzje wer op te pakken.Krekt dêrfoar is der yn Utrecht in “loket kerkelijk werkers” iepene dêr’t ik graach nei ferwiis. Allinne mei inoar kinne wy arbeidzje oan in degelike basis foar it tsjerklike wurk. It is úteinlik net allinne de tsjerklik wurker dy’t (te) gau bloeie wol dy’t him of har oansprutsen fiele mei, mar ek en benammen de tsjerken dy’t te gau de fruchten plôkje wolle.

Wat echt telt

Al mei al is dizze nijsbrief net o sa spannend wurden. Wy ha gjin bjusterbaarlike berjochten om mei te dielen. Wy geane kalm troch mei de dingen dêr't wy mei oan 'e gong binne. Dat heart by ús. Sa sit de tsjerke yninoar. En dan ha wy it noch net iens hân oer de blommen yn 'e tsjerke, dêr't jim sa trou foar soargje, it tsjerkeblêd dat jim rûnbringe en de besite dy't jim ienris yn 'e moanne bringe. Och, sille jim sizze, dat is ek net iens út namme fan de tsjerke. It kaam op ús paad. Sa ienfâldich is it gauris. Net ien wit der wat fan, útsein dejinge om wa't it giet. Sa mei dat ek bliuwe: lit jim linkerhân net witte wat jim rjochterhân docht. Dat is wa't wy binne. Dat is hoe't wy smeitsje. As wy dy smaak mar net ferlieze.

Wy telle net. Dat telt.

Mei groetnis,
dû. Riemer Praamsma, classispredikant
(06-58013225 | Protected email address)

PS: Meidielingen foar it folgjend nûmer (6 maart) graach ynleverje foar 29 febrewaris.
Naar alle nieuwsberichten