De hertslach fan in stjer
2024-02-09T17:09:22+01:00

In kantate oer it ljocht dat altyd socht hat om ús lok foar mingd koar, fluit en piano, mei teksten fan Eppie Dam en muzyk troch Jan de Jong.

De ierde is yn lêst en de wrâld fierder fan hûs as oait. Do silst mar leauwige wêze yn dizze tiid, goed opbrocht yn geloof, hoop en leafde. Foar in protte minsken mear ballêst as befrijing. En likegoed betsjut hoop noch wat yn de gloednije kantate De hertslach fan in stjer fan Eppie Dam en Jan de Jong.

Dy giet snein 11 febrewaris om 15.00 oere yn premjêre yn De Paadwizer (Siemen de Jong- strjitte 2) yn Balk.

Utfierd troch de betûfte sjongers fan It Kwar- tettekoar û.l.f. Feike van Tuinen.

Sa’t we Eppie Dam as lietdichter kenne, komt net alle seine hjir fan boppen. Krekt oarsom, it begjint altyd ûnder. We moatte gjin wûnders ferwachtsje, behalve fan ússels. Net om ’e nocht stiet boppe de ynlieding op de kantate in sitaat fan de Flaamse auteur Stefan Hert- mans: ‘Hoop is een attitude; het goede nieuws: die kun je aanleren.’ Hoop as libbenshâlding.

Yn acht lêsteksten en acht lieten wurdt fan de hoop noch wat makke. Net tsjin better witten yn, want better witte wij. De stjer út ljocht ûntstien sprekt fan leafde mei bevend en klop- jend hert. Moaier kin in mins geloof net meitsje.
Naar alle nieuwsberichten