Minsken fan ‘e wei - Nijsbrief fan ‘e classis - 2024 #2
2024-03-02T08:06:37+01:00

As de bôge yn ‘e wolken stiet,
dan sil Ik dêr nei sjen
en tinke oan it ivich ferbûn
dat der is
tusken God en alles dat libbet:
alle wêzens op ierde.

Genesis 9:16, NFO

Download hier de Nederlandse versie van Minsken fan 'e wei 2024 - 02.

Sjoch ris nei de reinbôge

Dizze nijsbrief stiet yn it teken fan de reinbôge. De provinsje wol har reinbôgebelied ôfskaffe. Ferskate maatskiplike organisaasjes dogge in oprop, om dat net te dwaan en my waard frege, oft ik as classispredikant dy oprop stypje wol. Echt polityk is dat net: it giet om in relatyf lytse post op 'e provinsjale begrutting. It is mear it symboal. En symboalen dogge derta! Sa heucht my noch goed, hoe't myn gemeente yn 'e Knipe ta gelegenheid fan 'Roze Zondag' by de tsjerke de reinbôgeflagge úthongen hie. It rekke my folle djipper as at ik ferwachte hie: 'Myn tsjerke stiet boarch foar my!' Dat wist ik fansels al lang, mar no waard ik der suver emosjoneel by. Dat docht in simpel stik katoen oan in aluminium mêst. En dat docht it belied dêromhinne. 'It is mar in symboal', sizze se dan. En dan sis ik: 'Jawis, it is in symboal!'

No hâld ik earlik sein net o sa fan in list dêr't men jins namme op sette mei. Ik bin it nea hûndert persint iens mei de tekst dy't derboppe stiet en ik fyn it argumint wichtiger as it oantal minsken dat der efter stiet. Mar yn dit gefal: Wat soe it sizze as de Tsjerke yn dizze list ûntbrekt? Seker yn in tiid, dat Poetin mei in berop op religy homo's ta de kast yn weromjaget en homo's yn bygelyks Oeganda mei in selde berop op religy ferfolge wurde, moatte religieuze lieders sykje nei symboalen fan mearkleurigheid. En se moatte dúdlik meitsje, dat de Tsjerke ynstiet foar alle kleuren. En wat lient him dêr better foar as de reinbôge? Dochs mar tekenje dan? Om de lêste twifelder mei te krijen wiis ik graach op it bredere perspektyf fan in mearkleurige mienskip. Yn alle hoeken fan 'e tsjerke wurdt dêr oan wurke. Om dêr eat fan sjen te litten rin ik de kleuren fan 'e reinbôge ien foar ien mei jim bylâns.

Read

Read of rôze is de earste kleur. By rôze kinst fansels tinke oan de jierlikse ‘Rôze fiering’. In wurkgroep organisearret dy hieltyd yn in oare gemeente, yn oparbeidzjen mei dyselde gemeente.

Read is fan himsels de kleur fan it gesellige hurdfjoer en sa de kleur fan thús. Jo kenne mooglik de projekten fan ‘De Thuisgevers’. Dat is doedestiids opset troch de gemeente Kampen en de PKN om plak te sykjen foar Oekraïners. Wilens is it ek rjochte op flechtlingen mei in ferbliuwsstatus. In protte tsjerken en oare maatskiplike organisaasjes dogge mei. Nei de needopfang foar de Oekraïners sykje in soad gemeenten yn ús klassis nei in fuortsetting. Faaks hat jo gemeente noch in gaadlik plak. De Thuisgevers wolle jo dêr graach mei skewiele.

Oranje

It is noch gjin jier lyn dat ús kening op in bysûndere wize besocht de ienheid fan de reinbôge wer op oarder te bringen. By de fiering fan Keti Koti yn it Oosterpark fan Amsterdam hat er plechtich út namme fan ús allegearre ekskuses oanbean fanwegen de minskehannel dêr’t ús folk him yn it ferline oan besûndige hat. Of leaver sein: ús folk bestiet sa stadichoan út in grutte mannichte oan neiteam fan dyselden dy ’t ta slaaf makke wienen. Meiïnoar moatte wy bouwe oan de takomst fan ús lân; dy ekskuses hawwe it paad dêrta wer wat frij ta makke. Foar de gemeenten is materiaal beskikber om hjirmei te set te gean.

Giel

Sûnt koart hawwe we as klassis wer in active wurkgroep Tsjerke en Israël. Ien fan de opdrachten dy’t se meikrigen hawwe is it wach wêzen op antysemitisme yn ús maatskippij en yn ús tsjerke. De giele stjer is út it ferline mar sit er dochs wer wat fan in antysemyt yn ús? Lêze we de skrift soms troch in ferkearde bril? Wy hoopje dat de wurkgroep ús hjir yn it paad wize sil sadat we wer echt kontakt krije mei de Joadske woartels fan ús leauwen. By it Oerlizorgaan Joaden en Kristenen is hjirfoar materiaal beskikber.

Grien

Dit is echt hiel wat oars en dochs is der ek in oerienkomst: boeren fiele harren soms wat apart set yn ús lân. Dat is fansels nearne foar nedich. Der is in miljeuprobleem wêr we mei elkoar oan wurkje moatte, mar dat is dus ek echt foar eltsenien. Asto by de supermerke de goedkeapste hinnepoat bestelst dan kinst de boer gjin ferwiten meitsje dat hy dizze produsearre hat. De boer is ûnderdiel fan it gehiel. De oekumenyske wurkgroep Kerken & Landbouw besiket it petear tusken boer en boarger wer op gong te bringen en dêr ek it leauwen by te belûken.

Blau

Yn myn ferbylding stiet blau foar frede. Dan stoarje ik yn ‘e wide blauwe koepel boppe ús holle, sjoch de wjerskyn derfan yn it stille wetter en begryp foar ien momint neat mear fan alle konflikten om ús hinne. Litte we it foaral goed hawwe mei elkoar! Betink hoe’t in protte minsken harren gebed om frede nei deselde himel opstige litten hawwe en lit it as in mylde rein wer delsakje op ‘e holle. Oarloch is ferskriklik, wy minsken binne dêr net op boud.

Pears

Pears of fiolet is de kleur fan de Fjirtichdagentiid, of Passy- of Fêsteltiid. Yn de lêste nijsbrief skreau ik jimme al oer in bysûnder fêstjen: fjirtich dagen sûnder plestik. Der is no ek in webside dêr’t je hjir moaie ideeën foar opdwaan kinne. Sa kin yn de fêsteltiid de wrâld in bytsje griener wurde!

De Passytiid bringt ús ek noch op in hiel oare manier by ús tema. De Hear socht ommers altiten de rânen fan de maatskippij op: in tolgarder, in lichte frou, in bidler, op ien of oare manier fielde Hy him by harren thús. Of soe it krekt sa wêze dat Hy foar harren in thús wêze woe? It docht je tinken oan in “aanloophuis”, in “waarme-keamer”-projekt of samar in projekt fan in pleatslike diakony.

It lijen dêr’t wy yn dizze fjirtich dagen oan tinke is it lijen dat de Hear mei ús dielt. Syn wrâld wurdt sa ien, hy lijt mei ús en foar ús. Wy hearre by inoar.

Yndigo

Om earlik te wêzen, ik wit einliks net wat yndigo is. As jo it my op in printsje toane, dan sjoch ik it noch net. Ik sil wol wat kleureblyn wêze. Miskien sit dizze kleur wol krekt dêrom yn de reinbôge: der moat in plak wêze dat je net echt beneame of oanwize kinne. Der is in plakje frij foar dy’t him of har yn al dy oare kleuren net weromfine kin. De ôfkoarting dy’t mei LHBT begjint krijt der hieltyd wer in letter by, krekt sa lang dat ek jo letter der by stiet. Dat is myn idee fan yndigo: in iepen plakje foar elk dy’t fynt dat hy of sy der oars net by heart.

En no noch ris de reinbôge

Sân kleuren by inoar, sa heart de reinbôge te wêzen. Dy kleuren ha neat mienskipliks, as allinne dat it allegearre kleuren binne. Mar se hearre by inoar. Bibelsk útdrukt: wy binne troch de goede Skepper mei inoar op ús ierde del set. Dus sa moatte wy it mei inoar dwaan. Ik wit net oft de oprop foar in “reinbôge” yn it provinsjehûs wat opleverje sil, mar dêr giet it ek net om. In grutte ploech minsken hat him útsprutsen om dizze “reinbôge” heech te hâlden. Dêr giet it om. Ek as de provinsje stoppet mei har belied, it belied fan de tsjerke giet gewoan troch. Wy sjogge om ús hinne oft der net ien bûten stean bliuwt. Wy bliuwe sykjen oan de rânen fan de maatskippij, krekt as ús Hear. En wy dreame fan in ierde dêr’t echt foar elk minske plak is.

Ik winskje jimme in Passytiid mei betsjutting en in Peasketiid fol fleur!

Mei groetnis,
dû. Riemer Praamsma, classispredikant
(06-58013225 | Protected email address)

Meidielingen foar it folgjend nûmer (17 apri)l graach ynleverje foar 10 april.




Naar alle nieuwsberichten