Minsken fan ‘e wei - Nijsbrief fan ‘e classis Jiergong 2024 #3
2024-04-23T21:34:02+02:00

‘Doe’t Er de grutte mannichte seach,
hied Er tige mei harren te dwaan.
Se wienen wurch en ferslein,
as skiep sûnder hoeder.’

Mattéus 9:36, NFO

Download hier de Nederlandse versie van Minsken fan 'e wei 2024 - 03.

Skiep sûnder hoeder

Sjochst it plaatsje samar foar dy: de skiep dy't oer de heide doarmje, wylst der yn 'e fierste fierte gjin hoeder of skepershûn te bekennen is. Yn dizze tiid is dat net mear ferantwurde: de wolf is langer gjin frjemd yn ús lân. En wa sil him fuortjeie as der gjin hoeder is?
Dy byldspraak docht it noch altyd goed, om de ferhâlding tusken de gemeente en har foargonger te beskriuwen. En no't der in brekme oan foargongers is, is it ek net mear as logysk dat de fjirde snein fan Peaske (dit jier op 21 april) útkeazen is as 'roppingssnein'.
Op dy snein wurdt tradisjoneel yn in protte tsjerken fan de Goede Hoeder út Johannes 10 lêzen. En wat pastor soe him/har no net graach oan dy Hoeder spegelje wolle?

Hoeder bist net samar

Sels fyn ik dat byld fan de Goede Hoeder frijwat heech grypt. Dêrom hie ik leaver de earste snein fan 'e Fjirtich Dagen keazen. Op dy snein stiet de ûnderfining yn 'e woestyn sintraal. As Jezus fjirtich dagen en fjirtich nachten yn 'e wyldernis trochbrocht hat, komt de fersiker by Him del. En Johannes de Doper giet ek earst de wyldernis yn, foardat er yn it iepenbier fan him hearre lit. Sa stiet de woestyn foar de learskoalle dêr't in hoeder earst trochhinne moat ear't er de keppel liede kin. Gâns foargongers fan no hawwe har stúdzje fan destiids ek sa ûnderfûn. Se wurde oan harsels oerlitten mei in steapel boeken om har leauwe te hifkjen. Neat mei noch fanselssprekkend wêze. Elke fraach wurdt mei in tsjinfraach beantwurde en elke stelling ropt in like krêftich wjerwurd op. Is dan neat mear wier? De woestyn leart jin yndied om te relativearjen. Mar dy leart jin ek wêr't it ravyn is en wêr't men weibliuwe moat en wêr't men de oases fynt om op krêften te kommen. Freegje jim predikant mar ris wat syn/har stúdzje mei him/har dien en jim krije grif in moai ferhaal.

Earst nei de woestyn

Doe’t ik mei myn stúdzje begûn wie der foar it protestantske diel fan de tsjerke noch kar út seis woestinen. No is dat noch mar ien: de PThU yn Utert. Dy sit dan wol yn it hert fan de oekumene mei om ‘e hoeke de Theologische Universiteit fan de Nederlands Gereformeerden wylst it Catharijneconvent te berinnen is. In protte studinten kieze der ek foar om in skoftsje yn it bûtenlân te studearjen. En dan binne der fansels noch de HBO-opliedingen fan de Christelijke Hogeschool Ede (CHE) en Windesheim, mei wat minder woestyn en wat mear praktyske kundichheden om oan ‘e slach te gean. Mear dêroer kinst lêze op de websites fan PThU, Windesheim en CHE. En hast kunde oan in aardige dûmny? Freegje dy mar ast in dei mei op’n paad meist.

Hinne en wer tusken twa keppels

Al mar mear predikanten en tsjerklik wurkers hawwe twa of mear gemeenten. En ik tink dat dit yn de takomst al mar mear wurde sil. Hoe pakst soks op? Is it allinnich mar dûbeld wurk of kinst ek saken kombinearje? En moatst dyn tiid en omtinken lykom opdiele tusken de gemeenten of meist dêr wat linich mei omgean? Der binne fragen by de bult en wy noegje de foargongers mei mear as ien gemeente út om ris byinoar te kommen om it hjir dan oer te hawwen. Oanmelde kin by dû. Ferdinand Pierik: Protected email address

Op syk nei in hoeder

Lykas sein: it sil hieltyd faker sa wêze dat gemeenten harren foargonger mei-inoar diele moatte. Dat freget in stikje koördinaasje. Dêrom moat de pleatslike tsjerkeried earst yn petear mei de klassis, foardat se it beropingswurk opstarte kinne. Us spesjalisten fan it KKBB sjogge dan nei jimme mearjierren begrutting, om te sjen oft der foldwaande (finansjele) draachkrêft is om selsstannich in predikant te beroppen.
Mar dat is net alles.
Twa minsken fan de klassis geane ek mei jo yn petear oft jo gemeente no en yn de takomst genôch bestjoerskrêft en geastkrêft hat. Mei oare wurden: kinne jo de nije foargonger bystean mei in stevige tsjerkeried om mei elkoar de ferantwurdlikheid te dielen en binne der genôch belutsen en ynteressearre gemeenteleden om ynspirearre te bliuwen. Want sa't der ynspiraasje ferwachte wurdt fan jo foargonger, sa ferwachtet hy dat ek fan jimme as gemeenteleden. It is goed om dizze fragen te stellen ear't it aventoer mei in nije predikant oangien wurdt.

Ekstra stipe

As jo in predikant sykje is boppesteande proseduere ferplichte, mar as jo in tsjerklik wurker sykje is der wat dat oangiet noch neat regele. Formeel stiet in gemeente der dan allinnich foar. As klassis hawwe we dêr gjin frede mei, en dêrom biede we ús fakatuerepetear tenei ek oan foar gemeenten dy 't in tsjerklik wurker sykje. Der binne sels yn dizze route noch wat ekstra falkûlen te nimmen en foar te kommen.
Nim dêr gerêst kontakt foar op mei skriba of klassispredikant.

Tsjerklik wurkers

Ferline jier wie der in goed slagge moeting foar alle tsjerklik wurkers yn Fryslân. Ik gie doe benammen oer it plak fan tsjerklik wurkers yn ús tsjerke. Dit jier sil it gean oer ien spesjaal ûnderdiel dêrfan: it foargean yn de tsjinsten en yn it bysûnder it preekjen. Kees van Ekris kin dêr in soad oer fertelle. Hy waard bekend mei syn boek ‘Dialoog, dans en duel. Preken voor tijdgenoten’ en sûnt novimber ferline jier is hy ‘Theolooch des Vaderlands’. It wurdt grif in moaie en learsume moarn! En nei it ynhâdlike diel sille wy mei inoar in breamiel genietsje en mei inoar fierder prate kinne. Set alfêst yn jimme bûsboekjes: 9 oktober fan 9.30 oant 13.30 yn de Lantearne yn Surhústerfean. Of meld jimme direkt oan by ús scriba: Protected email address.

As it spannend wurdt

Sakrekt gie it al efkes oer de wolf. Dy kin it libben fan in skieppehoeder wol spannend meitsje. En sa is der noch wol mear dat wy op ús paad tsjin komme kinne. Net sûnder reden hat de lannelike predikantedei op 21 maaie as tema ‘Als het spannend wordt’. Yn it healjier dat ik no klassispredikant bin, ha ik al ferskate kollegaas sprutsen dy’t der oer tinke om te stopjen. Blykber liket de gemeente somtiden mear op de woastyn as op it beloofde lân. Wat is hjir te rêden? Jierren lyn is krekt mei it each op dit probleem it jierliks petear foar predikanten ynfierd. Mar ek bûten dat petear om is it net feerkeard om jo foargonger ris te freegjen wat de sekularisaasje mei him of har docht, wat de fergrizing mei him of har docht, en oft hy of sy sels noch wol hâldfêst fynt yn syn of har leauwe. Dat wurdt dan grif in moai en bemoedigjend petear.

Ta beslút

Lit jimme lykwols troch sokke dingen net ûntmoedigje. En litte wy ek net tefolle freegje fan elkoar. Sawol de hoeder as de keppel lizze de latte noch wol ris te heech. By it tinken en it skriuwen oer ‘ropping’ en ‘amt’ driigje de hoeder en de Hoeder noch wol ris troch inoar hinne te rinnen. De hoeder kin úteinlik net mear as wize op de Goede Hoeder dêr boppe. De keppel is fan Him. As wy dat ferjitte rekket de keppel op’e drift en de hoeder te’n ein. Mar de Tsjerke is fan de Hear. Hy is it dy’t syn keppel hoedet.

Mei groetnis,
dû. Riemer Praamsma, classispredikant
(06-58013225 | Protected email address)


PS: Meidielingen foar it folgjend nûmer (29 maaie) graach ynleverje foar 22 maaie.



Naar alle nieuwsberichten