Minsken fan ‘e wei - Nijsbrief fan ‘e classis - 2025 #2
2025-03-19T10:48:40+01:00

‘O, wat is it goed, wat hearlik,
dat bruorren en susters byinoar wenje!’

Psalm 133:1

Download hier de Nederlandse versie van Minsken fan 'e wei 2025 - 02.

Allinnich meielkoar binne we tsjerke, mar hoe?

Dit wie it tema fan de brede gearkomst fan ús klassis op tongersdei 23 jannewaris op de Jouwer: leauwe dogge jo meielkoar. Al ieuwen is de tsjerke dêrom opdield yn gemeentes wêr’t minsken byelkoar komme kinne en nei elkoar omsjogge. Meastentiids binne dy gemeentes yn oerflakte sa grut, dast elkoar noch krekt te foet moetsje kinst. Ieuwenlang hie dat in grut praktysk belang. Sadwaande kent de kaart fan ús klassis mear as 200 gemeentes. Dat wurket goed, mar bliuwt dat sa ek yn ús tiid? De tsjerke is in stik hinne lytser wurden en sa ek ôfstânnen. Soe it smûk mei-inoar wenjen fan al dy bruorren en susters net oars regele wurde kinne? Om dat te ferkennen rin ik de ferskate fragen fan dizze jûn stik foar stik mei jo del en fertel sadwaande wat de reade tried yn de reaksjes is.

Wêr giet it yn de gemeente om?

Leauwe en mienskip: dêr giet it om yn de gemeente fan de Hear. By dizze fraach waarden benammen twa opsjes oankruse en dat faak mei de opmerking dat it iene net los te sjen is fan it oare: leauwe dochst meielkoar, dat kin net oars! It leauwen is te grut foar my allinnich en it moat hannen en fuotten krije yn it omgean meielkoar. Dêrta foarmje wy in gemeente en wolle we elkoar net kwyt!

Hoe stiet it mei de bestjoerskrêft fan jo tsjerkeried?

Ek dizze twadde fraach heart noch ta it gebied fan it geastlike. Leauwe komt net samar op fanút ússels, it freget om geastlik liederskip. Dêr stiet de tsjerkeried foar. En lokkich: de measte gemeentes ha noch in folsleine of hast folsleine tsjerkeried! En dat giet goed! Mar ek, yn in protte gemeentes tinkt men dat soks net lang mear duorje sil. Opfolgers binne hast net mear te finen. In protte tsjerkerieden binne de ôfrûne jierren al slim lytser wurden. No kinst dêr tryst fan wurde, mar do kinst ek sizze: mear as twahûndert selsstannige gemeentes mei elk in eigen tsjerkeried, dat is ek wol in bytsje te gek.

Op hokker mêd soenen jo gearwurkje wolle mei oare gemeenten?

Nei alle soargen dy ’t nei foaren kamen by de eardere fraach, soenen jo ferwachtsje dat in elk graach gearwurkje wol op it bestjoerlike mêd. As jo tsjerkerieden gearfoegje, dan binne der wer genôch amtsdragers om lieding te jaan oan it fieren, learen en tsjinjen yn ús gemeenten. Mar dat leit dochs efkes oars. Foaral út de taljochting op de antwurden docht bliken dat de measten dochs leafst mar stapke foar stapke gearwurkje wolle. Dat is ek wol te begripen: de gemeente is in mienskip en it ferget tiid om nei inoar ta te groeien. Jo kinne yn in pear moanne tiid op papier moaie ôfspraken meitsje, mar in yn fertrouwen groeien nei inoar ta duorret langer. ‘As it noch mar sa lang duorje kin’, tink ik dan. Mar faaks baarnt it my tefolle yn. In maklike stap dy ‘t faak neamd waard is: soargje foar in mienskiplik tsjerklik buro. Dat kin dan net allinnich noed stean foar de lede-administraasje, mar bygelyks ek foar it behear fan de website, de boekhâlding, de preekfoarsjenning of it útfierende part fan it skribaat. Sa krigest as tsjerkeried de hannen frij foar it echte lieding jaan. En yn de tuskentiid leist sa de boustiennen foar in makliker gearwurkjen yn de takomst.

Hoe sjogge jo de rol fan gemeenten mei in sterke tsjerkeried?

Hjiroer rinne de mienings echt útinoar. De iene helte giet oan op groei en bloei fan de eigen gemeente; de oare helte sjocht harsels as stipe en taflecht foar lytse gemeenten. Dat kin gearfalle, mar ik sjoch ek in dilemma: it kin sa wêze dat sa’n gemeente in eigen paad fûn hat om it evangeelje op in oansprekkende wize en mear fan dizze tiid te belibjen. Dy wolle jo dan ek de kâns jaan om soks fierder út te djipjen. Sa soe der in palet fan gemeenten mei in eigen oansprekkend lûd ûntstean kinne. Ast der net om tinkst kin troch gearwurkjen dat eigene wer wat weiwurde.

Hoe sjogge jo de rol fan gemeenten mei in lytse, kwetsbere tsjerkeried?

It foel my op dat de opsje om op te gean yn in gruttere (of mear fitalere) buorgemeente in flink oantal kearen oankrúst waard. Dat hie ik net ferwachte. Mar de measten kieze der dochs foar om op ien of oare wize min of mear selsstannich te bliuwen, it leafst mei meardere lytse gemeenten yn ien grut ferbân. Dat lêste is in nijsgjirrich idee om fierder út te wurkjen: “Hoe soe sa’n grutter ferbân derút sjen kinne”?

Wat ferlieze wy wannear't wy mear gearwurkje?

Sels hie ik ferwachte dat de measten it ferlies foaral sjen soene yn de mooglikheden gear te wurkjen mei lokale partners sa as skoalle, muzykferiening en doarpsbelang. Mar dat blykt hiel oars te wêzen.
It binne benammen de bekinde, fertroude gesichten wêr bang foar is se misse te sillen. It is hjir dus krekt itselde as dêr't wy ek mei begûnen: “Us leauwen kin net sûnder mienskip en ús mienskip net sûnder leauwen.

Wat winne dermei wannear't wy mear gearwurkje sille?

Hjir komt de ferrassing: wat we neffens in noch folle gruttere mearderheid winne sille by gearwurking is nije minsken mei nije ideeën en tradysjes! Dit docht betinken dat in gearwurkingsproses in lestige tuskenfaze wêze kin op wei nei in moai nij begjin.
It komt der op oan soarchfâldich om te gean mei de besteande mienskip, harren te beskermjen en yntakt te litten en fan dêrút te genietsjen fan it nije en ferrassende fan de moeting mei-inoar. De tsjerkerieden soene dêryn foarop rinne kinne, bygelyks troch in wykein mei-inoar op stap te gean. Mar dat lêste komt no pas skriuwendewei by my boppe.

Hoe sjogge jimme hjirby de rol fan de klassis?

Dit wie in wichtige fraach foar it breed moderamen fan de klassis: hoe wolle jimme dat wy as klassis gearwurking stimulearje? En it antwurd wie dúdlik: benammen troch ynformaasje te jaan. In tal leden fan it breed moderamen kiest foar in mear stjoerende rol, omdat gemeentes oars te maklik nei elkoar sjogge en ôfwachtsje wa’t der beginne sil. Mar it meartal fan de leden stelt hiel dúdlik: druk en driuwen wurket negatyf. Dat is in wichtich synjaal: de gemeenten binne earst sels oan bar om stappen te setten.

Wat wolle jimme ús fierder noch meijaan?

Ta beslút waard ús as klassis op it hert bûn om ek yn groei te tinken, elkoar te ferdragen, de mienskip te koesterjen, yn mooglikheden te tinken en help te bieden en der waard op wiisd dat ek grutte gemeentes kwetsber wêze kinne en dat krimp ek kânsen jout. En der wiene guon sa aardich om ús te betankjen foar it inisjatyf, wêrby ik dan wer elkenien graach betankje wol dy’t op dizze jûn meidien hat.

Foar it bûsboekje

- tongersdei 8 maaie, jûns, yn Trinitas, It Hearrenfean: ynspiraasjejûn foar it jongereinwurk y.g.m. Roetz
- snein 11 maaie om 14.00 oere yn Steggerda: ferbyntenis ds. Alco Meesters as foarsitter Klassikaal Kolleezje foar de Fisitaasje (CCV/KKF)
- tongersdei 22 maaie om 19.50 oere yn Frjentsjer: fesper mei ôfskied ds. Idske van der Pol as foarsitter KKF Fryslân (oanslutend klassikale gearkomste).


Mei groetnis,
dû. Riemer Praamsma, classispredikant
(06-58013225 | Protected email address)

PS: Meidielingen foar it folgjend nûmer (16 april) graach ynleverje foar 9 april.
Naar alle nieuwsberichten