Tsjerke fan de Moanne - Oktober
2025-09-30T17:58:00+02:00

Op alle fjouwer sneinen yn oktober sille troch Omrop Fryslân televyzje tsjerketsjinsten fan ‘Tsjerke fan de Moanne’ útstjoerd wurde fanút de PKN-tsjerke De Fontein yn Ljouwert.

De tsjinsten biede in ferskaat oan foargongers, lektoaren en muzisy. Neist de eigen dûmny’s Jouke Telgenhof en Iréne de Vries fan De Fontein sil ek dûmny Inge de Rouwe fan de Kuriostsjerke in tsjinst liede. Op 12 oktober fersoarget de eigen jongereingroep ‘Impuls’ de muzyk en op 26 oktober spilet de brassband ‘Hosanna’ ûnder lieding fan Jeroen Oosterwijk.
De earste tsjinst begjint mei in ‘Tsjerkepetear’, wêryn it karakter fan dizze stedsgemeente en de skiednis fan it tsjerkegebou oan de oarder komme.

De útstjoerings fan ‘Tsjerke fan de Moanne’ binne fan 10.00-11.00 oere op Omrop Fryslân Televyzje “live” te sjen en werom te sjen; dêr is ek de Oarder fan Tsjinst (Liturgy) te finen, lykas op de website www.tsjerke.media
Naar alle nieuwsberichten