Minsken fan 'e wei - Nijsbrief fan 'e classis - 2025 #6
2025-09-30T18:28:42+02:00

Wês altiten ree om oan elk dy’t dat freget, rekkenskip te dwaan fan ’e hope
dy’t yn jimme libbet.

I Petrus 3:15, NFO

Download hier de Nederlandse versie van Minsken fan 'e wei 2025 - 06.

Appelbeam

De simmer is oer, it tsjerkewurk stiet wer op begjinnen: startsnein, jongereinwurk, learhûs en in grut ferskaat oan kreative wurkfoarmen wurde út de kast helle ta ferdjipjen fan it leauwen en ta ferbreedzjen fan ús mienskip. We moatte dat heech hâlde, ek no op it wrâldtoniel sawol yn it Easten as yn it Westen de loft gear set. ‘Ek al wist ik dat moarn de wrâld fergean soe, dan noch soe ik hjoed in appelbeam plantsje’, moat Luther ea sein ha. Dat byld hâld ik graach foar eagen, by al it skynber neatige dat wy dogge.

Beliedsplan

Sa binne wy yn de klassis dwaande mei in nij beliedsplan: de wrâld kin der samar ynienen hiel oars útsjen en wa sjocht der dan noch nei? Dochs is it doel te brieden oer ús belied al wie it mar om de gedachten te oardenjen en ús te oefenjen yn it geastlik petear. Yn nûmer 4 fan dizze nijsbrief stie al in earste oanset. As jo jo stientsje hjiroan bydrage wolle dan kin dat troch dit neijier op tsjerkeried as gemeentejûn der mei elkoar oer te praten. Wy binne benijd nei jo ynbring.

Gemeentejûn

As we it dan dochs oer de gemeentejûn ha: miskien binne jo noch op syk nei in sprekker foar nei it skoft. Koartlyn hie ik in petear mei minsken fan it studentenpastoraat, dy graach ris in presentaasje fersoargje wolle. En op de hiemside (website) fan de klassis fine jo by ‘oanbod’ noch mear mooglikheden. Jo kinne ek kontakt opnimme mei Jannie Boonstra foar in presentaasje fan ‘Kerk in Actie’ (Protected email address).

Regiogearkomsten Kerk in Actie 2025

As wy it oer Kerk in Actie hawwe: de regiogearkomsten dizze hjerst hawwe in bysûnder aktueel tema: de flechtling ûnder ús. Diakonijen krije in útnûging hjirfoar, mar ek oare belangstellenden binne wolkom: op 27/10 om 13:30 yn Stiens, op 03/11 om 19:30 op it Hearrenfean, op 10/11 om 13:30 yn Boalsert en op 17/11 om 19:30 yn Surhústerfean. Wol graach efkes jo opjaan fia de link op it webstee fan de Klassis of fia Protected email address

Tsjerke-asyl Kampen

Foar as jo konkreet wat foar flechtlingen dwaan wolle, wiis ik jo graach op it tsjerke-asyl yn Kampen. Jo hawwe dêr grif wol wat oer lêzen yn de krante. Mei in trochgeande fiering jout de tsjerke dêr in feilich hinnekommen oan in húshâlding dy ‘t bedrige wurdt mei útsetting. Jo kinne as gemeente in stikje fan dy fiering ynfolje. Jo kinne der alles oer fine op it webstee: www.kerkasielkampen.nl

Ynspiraasjefestival 2025


‘Jutte is dy ynspirearje litte troch watst net sochtst mar wol fynst!’ Yn it wykein fan 16, 17 en 18 oktober hawwe jo dêr alle gelegenheid ta op Skylge. It hiele eilân is dan in moetingsplak om de foarstap te nimmen ta in nije oanpak op it mêd fan leauwen, tsjerke en mienskip. Der binne konserten, spirituele kuiertochten, teäterfoarstellingen, boekpresintaasjes, meditaasjes op de tijen, fieringen yn tsjerke en kroech, lêzingen, bibliodûns en in protte muzyk en kultuer. Om’t it oantal sliepplakken beheind is, is it wol wichtich jo op ‘e tiid oan te melden. Mear ynformaasje is te finen op www.inspiratiefestivalterschelling.

Muzyk Meisjong Festijn 2025

De stifting KMVH-Fryslân(Kerken & Mensen met een Verstandelijke Beperking) organisearret sneontemiddei 4 oktober in muzikale middei foar elkenien, mei (meisjong-)optredens fan tal muzikanten, wêr ûnder ek Elly Zuiderveld. De middei begjint om 13.30 oere yn De Arke, Flevo 161 yn Drachten.
Moarns is der ek noch in workshop, spesjaal foar frijwilligers dy't harren ynsette foar minsken mei in ferstanlike beheining. Foar mear ynformaasje oer sawol de moarn as de middei kinne jo terjochte by ds. Piet Hulshoff of, Protected email address.

Alde Fryske Tsjerken

Op 9 septimber 2025 wie de stifting Alde Fryske Tsjerken presys 55 jier jong. Yn al dy jierren sette de stifting har yn foar behâld én gebrûk fan bysûndere tsjerken yn Fryslân. Yn 55 jier naam de stifting al 56 tsjerken oer fan tsjerklike mienskippen dy't sels harren gebouwen net mear beheare kinne.
Somtiden wurde dy no brûkt foar oare publyksaktiviteiten, mar faak ek noch foar tsjerketsjinsten. Sa wurket it twa kanten op: gemeenten wurde ûntlêst en fierplakken bliuwe behâlden.
Om dit wurk dwaan bliuwe te kinnen is de stifting ôfhinklik fan jeften en legaten en miskien is de jierdei fan de stifting in moai momint om dêr wurk fan te meitsjen. Jo kinne de stifting maile: Protected email address.

Tsjerke op it doarp

By misjonêre projekten tinke in soad minsken earst en benammen oan pioniersplakken yn de grutte stêden, mar op 27 oktober 2025 organisearret de IZB in gearkomste oer de mooglikheden om je leauwen te dielen mei doarpsgenoaten. Mei in ynlieding en trije workshops om út te kiezen krijst in byld fan de mooglikheden dy't der binne. De gearkomste begjint om 10.00 oere yn De Ontmoeting yn Damwâld (Foarwei 4) en wurdt ôfsletten mei in lunch. Foar oanmelden en mear ynformaasje oer de IZB en dizze moarn: www.izb.nl/bijeenkomsten

Stúdzjedei 2026

Op 4 febrewaris organisearret de klassis in stúdzjedei foar predikanten en tsjerklik wurkers oer ‘macht en bewâld (gesach), lieding en twang’. In wiidweidiger útnûging folget, mar de datum leit no fêst.

Emeriti

Ein augustus ha alle kollega’s in brief krigen mei noch mear mooglikheden foar stúdzje ticht by hûs. En doe tocht ik: soe dit ek foar emeriti net nijsgjirrich wêze? Spitigernôch ha wy as klassis allinne de adressen fan de no tsjinjende predikanten. Ja, spitich dus. Mar as de emeriti no in mailtsje nei de klassis stjoere dan kinne wy dêr in list fan meitsje foar in folgjende kear. Dat mailtsje kin nei ús scriba: Protected email address .

Oersetters

Geregeld krij ik kompliminten foar it moaie Frysk yn dizze nijsbrieven. Tank dêr foar. Mar ik sko dy tank ek direkt troch: it moaie Frysk is net fan my, mar fan in ploech fan fjouwer entûsjaste oersetters, dy’t fierder graach anonym bliuwe wolle. En foar wa’t dit brief yn it Nederlânsk lêst: de oersetting is yndied faak moaier as it orizjineel....

Appeltaart

Adreslisten, sjongmiddeis, âlde tsjerken en beliedsplannen: it liket neat nêst al it grutte barren om ús hinne. Dêrom noch even werom nei de appelbeam fan it begjin. De luthersen ite op 31 oktober appeltaart. Ik ha it noch krekt yn’e holle hoe’t ús mem it my learde: 600 wytmoal, 400 bûter, 200 sûker, twa aaidjerren en in kilo appels dy’t in nacht yn sûker en kaniel stien ha. En ús mem die der dan ek noch wat abrikoazesjem oer hinne. Ik sels brûk tsjintwurdich cashewnuten, en wat minder sûker en wat mear kaniel. Dy appeltaart jout fansels treast en útsjoch no’t de simmer foarby is, mar ferwiist ek nei de appelbeam dy’t wy dochs noch plantsje kinne ek as de wrâld driget ûnder te gean. It iten fan appeltaart is in tradysje dy’t ek breder binnen ús PKN oppakt wurdt, by de kofje nei de tsjinst op of rûn Herfoarmingsdei.

Luther

Oft it sitaat echt fan Luther is en hoe’t hy de appeltaart iet, kinne wy him sels freegje, want hy komt op 31 oktober nei Ljouwert, yn de persoan fan teolooch, skriuwer en teatermakker Kees van der Zwaard. Ik ha syn foarstelling oer Luther earder ris in kear sjoen en elk hong oan syn lippen. Ik gean der dus wer hinne. (Lutherse tsjerke, Nieuwe Oosterstraat 20-30, seal iepen fan 19.30 oere ôf, begjin 20.00 oere, in frijwillige bydrage is wolkom)

Mei groetnis,
dû. Riemer Praamsma, classispredikant
06-58013225 | Protected email address)
Naar alle nieuwsberichten