Classis Fryslân
Gemeente zijn kun je niet in je eentje. In de Classis Fryslân zijn de Friese Protestantse Gemeenten met elkaar verbonden, ontmoeten zij elkaar en zorgen zij voor elkaar.
Actueel
Minsken fan 'e wei - Nijsbrief fan 'e classis 2026 #3
En dizze wurden dy’t ik dy hjoed gebied moatst dy goed ynprintsje. Do moatst se dyn bern ynskerpje en der oer prate, wannearst yn ’e hûs sitst en ast op ’en paad bist, ast op bêd giest en ast derôf komst. Deuteronomium 6:6-7, NFO Download hier de Nederlandse versie van Minsken fan 'e wei 2026 - 03 . It ferhaal giet troch ‘Moat dat echt? ’, tocht ik faak by it hearren fan de wurden hjirboppe. Moat ik der hieltyd oer begjinne? ‘Foar alles is in tiid’, seit de Prediker, en dat meie wy hjir grif ek wol op tapasse. Mar wy kinne net swije. It ferhaal giet allinnich mar fierder as wy de tiid nimme om ús út te sprekken en nei oaren te harkjen. Yn de tsjerke jouwe we inoar de romte om dêr de tiid foar te nimmen, dat dogge we yn eigen gemeente, en sa no en dan ek mei alle gemeenten byinoar. Kommende moannen dogge we it, yn alle gefallen, trije kear. Ien kear foar opfieders, bernenjonkentsjinstlieders, klubleiders, katecheten, jeugdâlderlingen en predikanten. Ien kear foar teologen. Ien kear foar elk dy't geastlike waarmte siket. Meitsje jimme eigen kar!
Paasgroet: Dat wij niet samenvallen
Dat wij niet samenvallen Gebed bij het doopvont in de Paasnacht Dat wij niet samenvallen met de wereld, hoe zij valt voor macht en kracht zonder schaamte -
Minsken fan 'e wei - Nijsbrief fan 'e classis 2026 #2
Mei joegen se har oerein en gongen werom nei Jeruzalem. Se troffen de alve en har meistanners byinoar Lukas 24:33, NFO Download hier de Nederlandse versie van Minsken fan 'e wei 2026 - 02 . Mienskip Fan it alderearste begjin ôf leauden de folgelingen fan de Hear net elk op himsels: se sochten de mienskip mei elkoar. Op Wite Tongersdei sieten de tolve noch ferbjustere om de tafel, doe’t de Hear harren de fuotten wosk en brea en wyn mei harren dielde. En letter binne it de Emmaüsgongers, dy’t sa gau as se yn de frjemdling de Hear werkenden, yn alle haast nei de oaren giene om mei harren te dielen wat se heard en sjoen hiene. Leauwe dogge jo mei elkoar.
Meer over Classis Fryslân
Advies
De Classis Fryslân geeft Friese Protestantse gemeenten gevraagd en ongevraagd advies over diverse thema's, zoals Veilige Kerk, die spelen bij samen kerk zijn.Bestuur
Het dagelijkse bestuur bestaat uit:- ds. Riemer Praamsma (classispredikant)
- Hanneke Dijkstra-Postma (scriba)
- ds. Gerda Keizer (preses)