Minsken fan 'e wei - Nijsbrief fan 'e classis - 2025 #5
Set gjin domper op de Geast.
I Tessalonikers 5:19, NFO
Download hier de Nederlandse versie van Minsken fan 'e wei 2025 - 05.
Waarme simmer
Dizze nijsbrief is in ekstra útjefte: yn it foarige nûmer ha ik oankundige dat ik jim yn septimber pas wer skriuwe soe. Mar gelokkich hoef ik net sa lang te wachtsjen. Op himsels is in wat langere simmerstop net ferkeard, mar it fielt altyd wat yn striid mei it ferrinnen fan ús tsjerkelik jier.Yn desimber rakket ús hert fol mei de ferwachting fan Advint. Mei Kryst fiere we de komst fan de Hear. Yn de Peasketiid folgje we sober en ynkeard syn wei. Mei Peaske fiere we oermjittich dat Hy libbet en mei Pinksteren dat Hy syn libben en Geast mei ús dielt.
En dan, ja dan is der foar in elk fakânsje en is it wachtsjen op de Startsnein yn septimber. Dêrom bin ik bliid dat der no, krekt foar de simmer noch wat oan aktiviteiten te melden is. Want oeral yn de klassis komme nije ideeën op dêr’t jo oan mei dwaan kinne.
Nije baan
It soe hiel wat wêze as dizze simmer foar jo it begjin betsjut fan in wurkpaad yn de tsjerke! Wy sykje om in nije Finansjeel Beliedsadviseur (FIBA) foar Fryslân. Dat is in baan foar hiele dagen. Do wurkest in protte mei minsken en krigest ynsjoch yn wat der spilet by de tsjerke. De útsochte persoan moat hert hawwe foar de tsjerke, mar ek in soad doel hawwe oer jildsaken. Sokke saakkundigen sille net sa faak op de fakatuere site fan de PKN sjen; sadwaande stiet dizze oprop ek yn de nijsbrief. Dy’t it wat taliket kin sjen op pkn.nl/vacatures. Dêr stiet krekt beskreaun wat de baan ynhâldt en wêr ast der mear oer hearre kinst.Nije datum
Op 8 maaie kaam in tritichtal jeugdlieders by-inoar op it Hearrenfean. Se wienen út op ynspiraasje en ideeën foar it nije seizoen. ‘Impact Makers’ wie de namme, en ‘impact’ hie it. Dat kaam foaral om’t de gearstalling fan de groep in grut ferskaat sjen liet. De organisaasje wie yn hannen fan ús eigen klassikale wurkgroep ‘Jeugd en Kerk’ én Roetz. Sa kamen de dielnimmers út alle hoeken en hannen fan binnen en bûten de tsjerke. En de evaluaasje wie: soks smakket nei mear!Wy hawwe gau wer in nije datum pakt: 7 maaie 2026. Skriuw dy datum op! It sil wer plakhawwe yn Trinitas op it Hearrenfean, want dat hat ús goed foldien. Wy begjinne wer troch mei-inoar te iten. En we soargje wer foar nijsgjirrige workshops. Wat dat wêze sil kinne wy noch net sizze, mar de datum leit fêst!
Nije mooglikheden
Dyselde klassikale wurkgroep ‘Jeugd en Kerk’ hat noch mear plannen. We sjogge nammentlik dat der bêst in protte jeugd is yn ús tsjerke, allinnich se sitte net byinoar yn ien gemeente. In hiele soad gemeenten hawwe lytse groepen jeugd yn klups, peteargroepen, rûnten en hokker wurden dêr fierder ek mar foar útfûn binne. Guon klups hawwe lieding, oaren binne dêrnei op syk. Guon witte presys wat se wolle, oaren hawwe ferlet fan nije ynspiraasje. We wolle no graach in predikant of tsjerklik wurker nei Fryslân helje dy't al syn/har tiid oan dit soarte fan groepen besteegje kin: of troch sels lieding te jaan of troch de lieding foar te bereiden. In moai profyl hawwe wy dêr al foar klear lizzen, mar noch net it jild. Dat is dochs altyd wer lestich. Dêrom freegje wy alle gemeenten yn Fryslân om help:“Wolle jimme dizze jeugdwurker foar in bepaald persintaazje (bygelyks 5% of 10%) finansjiere?
Of in oare fraach:”Wolle jimme fan syn of har saakkundigens gebrûk meitsje? Utdruklik stelle we dizze fraach yn twaen, want we witte yntusken dat in soad gemeenten mei jild gjin jeugd mear hawwe, en in soad gemeenten mei jeugd op swart sied sitte. Dêrom dizze twa fragen: “Wa hat jeugd yn de gemeente? En wa wol yn dy jeugd ynvestearje? Reaksjes binne wolkom by de wurkgroep: Protected email address. Wy komme graach in kear del om hjir frijbliuwend mei jimme oer troch te praten.
Nije plannen
Al hiel wat jongereingroepen hawwe op reis west nei Taizé. Dêr is in oekumenysk jongereinkleaster dêr'tst yn'e kunde komme kinst mei: it fieren fan `e getiden, it moetsjen fan God yn `e stilte en de moeting mei leeftiidsgenoaten dy't krekt sa as dy op syk binne. Foar jeugdlieders (en jongerein) is der op snein 28 septimber in programma dêr'tst alfêst yn ‘e kunde komme kinst mei, en mear ynformaasje krije kinst oer de mooglikheden. Broeder Sebastiaan út Taizé komt spesjaal nei Ljouwert foar dizze sneon. It programma duorret fan healwei fjouweren oant njoggen oere, mar kinst ek foar in part komme. Mear ynformaasje op:doopsgezindenleeuwarden.nl/taize-fieringen. Dêr kinst ek lêze hoe'tst dy oanmelde kinst.
Nije ynsichten
No’t wy it dochs oer de simmer ha: dit is in tiid om op snein krekt al nei tsjerke te gean. Op fakânsje kinne wy oare tsjerken mei oare tradysjes kennenleare. En thús kinne wy genietsje fan de rêst en it bewende fan de gewoane tsjinsten dêr’t alle rûmte is foar it Wurd. Ik sels tink dat myn simmerpreken better binne as de preken dy’t ik winters skriuw. Dat sil wol persoanlik wêze, mar miskien binne der kollegaas dy’t dat ek sa fiele. En wa soe it merke as jo, neidat jo der miskien lang net mear west ha, dochs wer in kear oanskowe op in waarme snein-te-moarn? “Doch ris gek en gean fan’t simmer nei tsjerke!”. Dat soe in moaie slachsin wêze!Nije kleden
Yn íen fan de gemeenten fan ús klassis wolle se graach begjinne mei liturgyske kleden yn de kleur fan it tsjerkelik jier. Antependia, om it mei in kreas wurd te sizzen. Foardat se nije keapje, soene se graach witte wolle of in oare gemeente mooglik sa’n set kleden oer hat. Mochten jo dy earne te hingjen ha, dan bring ik jo graach mei har yn de kunde.Âld nijs?
Miskien lêze jo dizze brief pas nei de simmer. Dat kin yn dizze fakânsjetiid fansels samar. Mar de measte ûnderwerpen binne yn septimber noch like aktueel. It is dan krekt de tiid om it Pinksterfjoer wer op te stokenIn goede (nei)simmer!
Mei groetnis,
dû. Riemer Praamsma, classispredikant
(06-58013225 | Protected email address)
Naar alle nieuwsberichten